Kollum: "Gesellich naaie, mar dan oars"

Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.
"Foar in ûndernimmersmagazine bin ik de lêste moannen geregeld op paad om ynterviews te hâlden mei ambisjeuze Fryske ûndernimmers. Fan in tandtechnicus oant in wynymporteur, ik freegje se it himd fan it liif oer wat dit wurk no sa moai makket. Gewoanwei bin ik as skriuwer dejinge dy’t de fragen stelt, mar foarige wike frege ien fan de ûndernimmers my samar yn ienen wat ík no sa moai oan myn wurk fûn. “Wat fynsto sa leuk oan taal?”, frege er nijsgjirrich. Ik moast der efkes oer neitinke. Mar al gau hie ik in antwurd. It moaiste oan taal fyn ik miskommunikaasje.
Twa wike lyn hie ik it al oer Foppe de Haan. Jacob, do kaamst doe mei de anekdoate dat er himsels yn in Ingelske parsekonferinsje útrôp ta mei Mr. Cock. In prachtich foarbyld fan miskommunikaasje, wêrtroch’t de hiele seal mei in grutte smile de parsekonferinsje útrûn. Sjoch, soks fyn ik it moaie oan taal. Taal hat nammentlik sa folle aspekten, dat der altyd wol wat mis gean kin.
Alderearst hast fansels de stavering. In wurd goed skriuwe is somtiden noch in hiele opjefte. Sa is der by de Jumbo Saté Baby mei stôk te krijen. Baby mei in y yn stee fan babi mei in i. Dan krijst toch fuort in hiel oar byld fan sa’n ûnskuldich satéstokje. Hielendal as it dan ek noch saté is fan plofpoppen. Kollega Willem Skoorstra is der in master yn om dit soarte taalflaters te finen yn it deistich libben. Folgje him op Facebook, dat is werklik wier in oanrieder foar elke taalleafhawwer.
Njonken stavering is ek grammatika foar sommige skriuwers noch in hiele útdaging. Grammatika, oftewol de struktuer fan wurden en sinnen, is net alhiel ûnbelangryk. Om te begjinnen mei de punten en komma’s. Twa wike lyn hiene wy hjir by de Omrop in rûnlieding, wêrby’t ien fan de gasten net goed waard. Rap waard ús BHV’er oproppen, dy’t fuort yn aksje kaam. Ein goed, al goed, gelokkich. Mar efkes letter hiene wy it folgjende berjocht op ús yntranet: “Frou wurdt net goed holpen troch de BHV.” In lyts komma’tsje wie op syn plak west, sadat der “Frou wurdt net goed, holpen troch de BHV” stien hie. Komma’tsjes kinne fan libbensbelang wêze, sa sjochst mar wer.
Alles begjint mei de júste stavering en grammatika, mar der binne ék wurden en sinnen dy'tst dûbeld ynterpretearje kinst. Sa hie ik in sjarmante jonge yn de klasse by Journalistiek dy’t Nederlânsk oan de universiteit studearre hie. Al by syn earste kolleezje wie er de klasse útstjoerd, fertelde er ús suver grutsk. Dy les gong oer semantyk, de betsjutting fan wurden en sinnen. Doe’t de heechlearaar yn dy alderearste les oan de studinten yn ‘e seal frege oft se ek in foarbyld jaan koene fan sa’n sin mei in dûbele betsjutting, hie er syn finger op stutsen. Hy wie stean gong en spruts kalm en helder:
“Ik wil ook wel eens serieus genomen worden.” Wylst de rest fan de studinten yn de kolleezjeseal ûnder de bankjes lei fan it gnizen, mocht Mr. Charming syn taske wer ynpakke. Al hoe’n moai foarbyld er ek joech, it waard him net yn dank ôfnaam.
Eintsje beslút hast as skriuwer njonken grammatika, stavering en dûbele betsjuttingen ek noch te krijen mei de mindset fan dyn lêzers. Want kinst noch sa dyn bêst dwaan; wurden wurde somtiden hiel oars ynterpretearret as wat de skriuwer bedoelt te sizzen. Sa wie der ris in hiele leave man dy’t foar syn frou in boek kocht yn ‘e winkel. Syn frou wie gek op bordueren en lit him no tafallich tsjin in boek oanrinne mei de titel ‘Gezellige beduurtjes’. No krekt wat net? Thús helle sy it boek nijsgjirrich út it kadopapier, sloech de earste bledside iepen en kleure doe nuver read. Wat die bliken; gezellige beduurtjes wiene eins gezellige bed-uurtjes. Naaie, mar dan krekt wat oars, sil ik mar sizze.
Sjoch, en fan al dit soarte grappige miskommunikaasje situaasjes wurd ik no fleurich. Mei taal kin dyn boadskip presys syn doel treffe, mar soms ek krekt in lyts bytsje foarby sjitte. En dat makket it foar my sa nijsgjirrich. Miskommunikaasje, it smiet my al hiel wat gezellige beduurtjes op."