Subsydzje foar elektrysk farre

25 apr 2012 - 18:47

Minsken dy't in elektryske of hybride boat oanskaffe, kinne dêr fan 1 maaie ôf subsydzje foar krije by de provinsje. Ek foar it ombouwen fan in boat is subsydzje beskikber. De provinsje hat dêr goed 270 tûzen euro foar beskikber steld.

De hoop is dat de finansjele bydrage it elektrysk farren yn de provinsje stimulearje sil. De boat moat wol in lisplak yn Fryslân hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)