Petysje tsjin Cambuur-direkteur Van der Vegt

01 maaie 2016 - 20:42

Cambuur-supporters binne op ynternet in petysje begûn tsjin technysk direkteur Henry van der Vegt. Se fine dat hy ferantwurdlik is foar de degradaasje fan SC Cambuur nei de Jupiler League. Sa soe hy der in striemin transferbelied op nei hâlde en is syn omgong mei klupikoanen tige min. "Het wordt hoog tijd dat deze man gestopt wordt en per direct uit zijn functie ontheven zal worden. Nog een transferperiode met deze man zal funest zijn voor onze club", skriuwe de inisjatyfnimmers fan de petysje op ynternet.

Oer in mooglike opfolger fan Van der Vegt hawwe de supporters al in idee; trainer Marcel Keizer. "Over opvolging hoeven we ons niet druk te maken, Marcel Keizer heeft in het recente verleden prima laten zien met minimale middelen een kwalitatief behoorlijke selectie samen te kunnen stellen."

De petysje is yntusken al mear as 1.000 kear tekene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)