Grutte belangstelling foar iepen Joadske huzen

01 maaie 2016 - 18:14
  • It Joadsk begraafplak yn Ljouwert
  • De Joadske skoalle yn Ljouwert

Yn Ljouwert wie der dit wykein iepen hûs yn ferskate Joadske huzen, gebouwen en ynstellingen. Belangstellenden koene terjochte op tsien plakken yn de Joadske buert mei ûnder oaren de âlde Joadske skoalle, de Synagoge, de Joadske slachterij en it Joadsk begraafplak. It evenemint luts snein, mei troch it moaie waar, flink wat belangstelling.

It Joods Cultureel Kwartier organisearret dizze iepen huzen dei yn de oanrin nei de deadebetinking en de befrijing, om werinnerings op te heljen en it ferline te betinken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)