Partoer Bitgum wint Bangmapartij Weidum

De Bangmapartij yn Weidum, tradisjoneel de earste keatspartij fan it seizoen, is snein wûn troch it partoer fan Bitgum. Johan van der Meulen, Tjisse Steenstra en Cornelis Terpstra wiene yn 'e finale mei 5-3 en 6-2 te sterk foar Minnertsgea mei Marten Bergsma, Hylke Bruinsma en Hendrik Kootstra. De lytse preemje gie nei Huzum en Easterein 2.
Ferline jier wie de Bangmapartij in proai foar it partoer fan Ljouwert.
It is foar Cornelis Terpstra in bysûndere rentree op de keatsfjilden. Ferline jier keatste Terpstra net mei om't er it net iens wie mei it belied fan keatsbûn KNKB. No pakt er, mei syn maten, fuortendaliks de oerwinning. Ek foar Johan van der Meulen wie it in moaie oerwinning. Hy is dwaande mei syn lêste jier en hie de Bangmapartij noch nea wûn.