SC Hearrenfean ferliest noardlike derby fan FC Grins

01 maaie 2016 - 16:33
  • SC Hearrenfean ferliest fan FC Grins

Sportklup Hearrenfean hat de noardlike derby tsjin FC Grins ferlern. It waard 1-2 yn it Abe Lenstra Stadion. Hearrenfean begûn goed oan de wedstriid en kaam op foarsprong troch in doelpunt fan Sam Larsson. Lang koene se dêr net fan genietsje. In oantal minuten letter kaam FC Grins op likense hichte troch in goal fan Oussama Idrissi. Grins begûn sterk oan de twadde helte en kaam op in 2-1 foarsprong troch in doelpunt fan Albert Rusnák.

Lêste thúswedstriid De Haan

It duel mei FC Grins wie de lêste thúswedstriid fan trainer Foppe de Haan yn it Abe Lenstrastadion. Foarôfgeand oan de wedstriid organisearren de Hearrenfean-supporters in sfearaksje foar De Haan.

Hearrenfean begûn fûl oan de wedstriid. Nei in tal kânsen foar de thúsklup, soarge Sam Larsson yn de 20e minút foar de iepeningstreffer. Mei in moaie soloaksje omsile Larsson de Grinzer ferdigening en skeat de bal behearske yn. Lang koene de Feansters net genietsje fan de foarsprong. Yn de 26e minút tekene Oussama Idrissi foar de lykmakker; 1-1. Beide ploegen krigen noch in tal kânsen, mar de 1-1 bleau de rêststân.

Oerwicht FC Grins

FC Grins kaam goed út de klaaikeamer, want de Grinzers begûnen sterk oan de twadde helte. Albert Rusnák sette Grins yn de 52e minút op 2-1 en ek dêrnei hie Grins it oerwicht. Hearrenfean wie op syk nei de lykmakker, mar rêdde it net op. It bleau 2-1.

De Feansters bliuwe troch it ferlies op it tolfde plak yn de earedifyzje stean. Nije wike snein 8 maaie spilet Hearrenfean de lêste wedstriid fan it seizoen út by ADO Den Haag.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)