SC Cambuur ferliest en degradearret út earedifyzje

01 maaie 2016 - 16:24
  • SC Cambuur ferliest en degradearret út de earedifyzje

SC Cambuur spilet takom jier wer in nivo leger, yn de Jupiler League. De Ljouwerters ferlearen snein mei 6-2 fan PSV, wêrtroch't degradaasje út 'e earedifyzje in feit is. Cambuur hat de ôfrûne trije jier op it heechste nivo spile.

De ploech fan trainer Marcel Keizer koe foar it skoft goed meikomme mei PSV, dat noch kampioen wurde kin. De rêststân wie 3-2. Yn de twadde helte bouden de Eindhovenaren de skoare út nei 6-2. De Ljouwerter goals waarden makke troch Calvin Mac-Intosch en Jack Byrne.

Cambuur ferrast yn earste helte

De earste tsjingoal fan Cambuur foel al nei in kertier spyljen. Marco van Ginkel koe de 1-0 by de twadde peal yntikje. Dêrfoar hie PSV al in pear grutte kânsen op de iepeningstreffer mist. In grutte skoare like der oan te kommen, mar fanút it neat kaam Cambuur op likense hichte. In skot fan Xander Houtkoop waard oanrekke troch Mac-Intosch, wêrnei't de bal deryn fleach; 1-1. Yn de 27e minút kaam PSV wer op in foarsprong. In yngoai waard troch Luuk de Jong oer Cambuur-keeper Leonard Nienhuis hinne kopt.

Efterstân by rêst

Tsien minuten foar it skoft moast Keizer in needsaaklike wiksel tapasse. Kevin van Veen hie noch tefolle lêst fan syn blessuere en moast ferfongen wurde troch Sander van de Streek. Krekt dêrnei makke PSV der 3-1 fan. Ut in hoekskop joech Gaston Pereiro it lêste tikje. It doelpunt fan Pereiro wie net de lêste foar it skoft. Byrne sette de rêststân op it skoareboerd. Hy skeat de 3-2 geweldich yn fan sa'n tweintich meter ôfstân.

Flater Nienhuis

Yn de twadde helte krige PSV fia De Jong fuortendaliks in goeie kans, mar Nienhuis koe de bal knap tsjinhâlde. Nei in goed oere makke dyselde Nienhuis in grutte flater. Hy besocht in minne pass fan Marvin Peersman binnen te hâlden, mar de Cambuur-doelman skode de bal sa by Adam Maher yn de fuotten. Maher koe doe maklik de 4-2 meitsje. Jetro Willems makke der út in frije trap dêrnei 5-2 fan. Van Ginkel sette de einstân yn 'e blessueretiid op it skoareboerd. Hy makke der út in frije trap 6-2 fan.

Takom wike spilet SC Cambuur noch in thúswedstriid, foarearst de lêste yn 'e earedifyzje, tsjin Excelsior.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)