UPDATE: Technyske steuring brêge Stevinslûzen oplost

It ferkear op de Ofslútdyk fan Fryslân nei Noard-Hollân kin wer ride. De steuring oan de brêge by de Stevinslûzen by Den Oever is oplost. Der moast in monteur oan te pas komme. It is noch net dúdlik wat der krekt oan de hân wie.
It ferkear moat no earst wer op gong komme en dan sil noch in test dien wurde mei de brêge. De brêge woe rûn de klok fan ien oere net mear ticht. It skipfeartferkear koe der wol lâns. Der ûntstie in file fan sa'n 6 km.