Plysje pakt ynbrekker op yn Ljouwert

01 maaie 2016 - 11:18

De plysje hat sneontenacht in man fan 31 jier út Ljouwert oanhâlden. In tsjûge melde dat der ynbrutsen waard yn in hoarekasaak oan it Stasjonsplein. De fertochte hie in rút fernield en wie dêrnei nei binnen gien. Hy hie iten en drinken meinaam.

Oan de hân fan it sinjalemint koe de Ljouwerter koart nei de ynbraak oppakt wurde by it spoar. Hy hie iten en blikjes drinken by him. De man sit fêst foar ferhoar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)