Fryslân's lêste klassike sosjalist: Rinze Visser

It is hjoed 1 maaie. En snein of net, it is de 'Dag van de Arbeid'. Fanâlds in sosjalistyske feestdei, ek yn Fryslân, mar wol ien dy't syn glâns al lang ferlern hat. Wêr wapperet hjoed noch in reade flagge? Wa rint noch mei in reade tulp? Wêr wurdt noch in 1 maaie-taspraak holden? Rinze Visser fan De Lemmer is miskien wol ien fan lêste echte klassike sosjalisten. Hy is al mear as 45 jier NCPN-riedslid, no yn de gemeente De Fryske Marren.
''Bettere wrâld''
Visser waard op syn 21ste lid fan de CPN. "In bettere wrâld, in bettere ferdieling fan de rykdommen'', wie syn motivaasje. "En in ein meitsje oan de ûnmacht fan doch wol in hiel grutte groep fan de mienskip."
Sosjalistyske steat
Neffens Visser is der ek hjoed-de-dei noch in hiel grut potinsjeel fan minsken dy't belang ha kinne by in sosjalistyske steat, yn stee fan de kapitalistyske dy't wy no hawwe. "De takomst is oan it sosjalisme, en oan it kommunisme, dat kin net oars. Wat moat der no foar it kapitalisme yn it plak komme? Wer kapitalisme? Dat is fassisme hear."