Brânwacht útriden foar wenningbrân yn Berltsum

© Kappers Media
De brânwacht fan Menaam is sneontenacht útriden foar in wenningbrân yn Berltsum. Krekt nei tolven kaam in melding binnen dat in wenning oan de Tichelersdyk fol reek stie. De brânwacht wie gau te plak en hie de brân nei in healoere ûnder kontrôle. Om't de wenning bûtenút lein wie, wie it dreech foar de brânwachtminsken oan wetter te kommen.
It is noch net dúdlik hoe't de brân krekt ûntstien koe. De twa bewenners binne troch de ambulânse nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.