Plysje siket frou dy't al trije dagen fermist is

De plysje freget út te sjen nei de fermiste Dora Bricen. De 68-jierrige frou is sûnt woansdei 27 april fermist. Se is foar it lêst yn Ljouwert sjoen.
Dora Bricen is rinnende en mei ûnbekende bestimming út har hûs fuortgien. Se hat in normaal postuer, hat in bril op en mooglik in swarte prúk en in sjaal om de holle as doek. Se is klaaid yn in donkergriene trui, blauwe spikerbroek en blauwe platte skuon.
Minsken mei tips kinne de plysje belje 0800-6070.