LDODK wint spannende wedstriid

© awfoto.nl
Yn de eareklasse-kuorbal hat LDODK sneon de twadde wedstriid op it fjild by KCC wûn mei 16-14. Nei 5 minuten seach LDODK al tsjin in 4-0 achterstân oan. Se setten de achterfolging yn en kamen sels oant 6-5 werom. De rêststân wie 9-6. Nei trije minuten yn de twadde helte stie it al 9-9. It bleau hiel spannend en de ploegen wiene oanelkoar weage. Yn de echte slotfaze luts LDODK dochs oan it langste ein.
Yn de haadklasse ferlear SCO thús mei 19-29 fan DOS'46. De Hoeve wûn thús yn in spannende wedstriid mei 23-22 fan SKF.