Harkemase Boys ferliest en is noch gjin kampioen

Harkemase Boys is sneon gjin kampioen wurden yn de haadklasse C. De Boys ferlearen mei 2-0 fan Urk. De Harkiten moasten winne yn Urk, mar beide ploegen kamen lang net ta skoaren. Pas yn de 84ste minút foel it earste doelpunt foar thúsploech Urk troch in skot fan Hessel Snoek. Flak dêrnei skoarde Snoek nochris en wie it dien.
De ploech fan trainer Jan Vlap wie al in pear wiken dwaande om kampioen te wurden. No moat de thúswedstriid fan nije wike tsjin ACV út Assen nije kânsen biede. Dat wurdt in drege wedstriid.
Earder op de dei wûn Staphorst en skriuwt dus trije punten by. Tusken de Boys en Staphorst sit in ferskil fan fiif punten.