Skûtsjemuseum hyt 100.000ste besiker wolkom

30 apr 2016 - 15:00

It Skûtsjemuseum yn Earnewâld hat sneontemiddei de 100.000ste besiker ûntfongen sûnt de iepening yn 1998. De gelokkige wie Beejee Juhnke út Virginia yn Amearika. It museum lûkt alle jierren sa'n 5.000 oant 6.000 besikers.

De 100.000ste besiker waard foarich jier al ferwachte, mar der kamen dochs wat minder minsken nei it museum as hope wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)