Frou út Ljouwert oanhâlden nei misledigjen fan plysje

30 apr 2016 - 11:27

In frou út Ljouwert hat freed de plysje misledige. Dy kaam freedtejûn om healwei tsienen nei de Boksdoornstrjitte fanwegen lûdsoerlêst. Dêr wie rebûlje. In 44-jierrige frou hie har muzyk hiel lûd oanstean en skold omstanners út.

Doe't de aginten har in bekeuring joegen, waarden sy ek misledige. Dêrop is de frou oanhâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)