Kollum: ''Omride. Omfarre.''

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.
''Nije wike giet de grutte dyk Dronryp-Frjentsjer, de A31, foar de helte ticht. It asfalt is stikken. Lestich, mar dat moat der wer ôf. Oant en mei woansdei bart dat. Ien helte, 90 ride. En dat sil wol 70 wêze as se der oan it wurk binne. Neat mis mei, it moat efkes. Dêrnei stiet der noch 90 op de buordsjes, oant nei de boufak. Dan pas komt it nije asfalt. Dat moat út Timboektoe of sa komme tink je dan. En nei de boufak? Desimber is ek nei de boufak. Oare jier ek.
Moandei begjin se ek mei de minste dyk fan Fryslân. De Himdyk tusken Blauhús en Tsjerkwert. Moannelang sil se dêr mei dwaande wêze, en ik kin no al sizze dat it folle en folle letter wurdt as as se ús wiismeitsje. De iennige dyk fan de iene kant fan de Súdwesthoeke nei de oare. En dêr kin gjin heale dyk iepen bliuwe, want it is net mear as in heale dyk. Omride.
Tiisdeitejûn moast ik nei It Hearrenfean. Krekt foar Sint-Nyk hearde ik op de radio: file tusken Eastersee en De Jouwer. Frek, it is ek sa. De A6, dêr bin se oan it wurk. Gau binnentroch oer Sint-Nyk. Ja, by Hústerheide ho, ûngelok. Fiif froulju klem, dus keare. Werom. Dan mar yn de file op de A6. Mar je kin de ôfslach net iens op, jo moat rjochting De Lemmer. No kin ik Fryslân wol in bytsje, dus dan mar oer Eastersee. Dat wie ek kloaten, want Ychtenbrêge sit op slot. Wurk. Binnentroch omride. Dan rjochting Fjouwerhûs. Rottum. Mar yn Hearrenfean wer in see fan giele boarden. Omride. Ik hie fansels de TomTom net oan stean, mar likegoed krimmenearre hy as in âlde fioele.
De bûtenlânske toeristen ha wat pland, dy bliuwe net thús mei dit rotwaar. Dy wolle miskien nei Starum. Ofsjoen fan dy stomme rûnwei en dy ferfelende brêge yn De Lemmer wurde se ek by it Woudagemaal tsjinhâlden, dêr is it wurk al dik in jier oan de gong. Efkes fierder is de dyk Lemmer-Sondel in karrepaad, sa ha dy meunsters fan frachtweinen dêr hûs hâlden mei it bringen fan bakken fol grûn fan Harns (dêr’t je ek al in soad opûnthâld ha) nei De Lemmer. Dy dyk sil tink ik yn de boufak oanpakt wurde. En as se dan dêr lâns stroffele binne, komme se by de ôfslach Himmelum en dêr meitsje se in soarte fan futuristyske ovonde, dat is in wurk fan jierren.
As je fan súdwest de oare kant útgean, kin je amper fan Jirnsum nei Grou. Der komt in nije brêge. Twa jier skat ik yn dat se der no oan wurkje, duorret minstens oant de hjerst noch. As je nei It Amelân wolle dan wurd je foar Ljouwert al in kant útstjoerd. En oer de Drachtsterbrêge hoech ik neat mear te fertellen, ik skat yn dat it noch in jier as trije duorret.
Sa kin ik wol trochgean, mar foardat ik by de ein bin, is myn tiid al lang om. Ofsjoen fan dat de oerheden sokke dingen blykber net op elkoar ôfstimme en gjin omtinken ha foar dat wy toerisme as haadwurk ha yn dizze provinsje, hat it ek te krijen mei de tiid dy’t oan dy wurken bestege wurdt. Bygelyks. De Langwarder Wielen wurde útbaggere. Je kin net ûnder wetter sjen mar ik ha begrepen dat it net opsjit. Dêr wurkje bûtenprovinsiale baggerders, dy’t hieltyd freegje moatte hoe’t se wurkje moatte. Fjirtich jier ha Langwar en de toeristen frege om baggerjen en no duorret it wierskynlik noch twa kear sa lang as tocht. Ek de ûnbekende baggerders op De Fluezen en Hegemer Mar sjoch ik faak stil lizzen. Dy ha ek swierrichheden, hearde ik. En de jonges dy’t gewoanwei dat baggerwurk yn Fryslân dogge, dogge it no yn Dútslân en Poalen. Ja, dêr wit se noch dat kwaliteit better is as goedkeap.
Want we mei ús eins nea bemoeie mei hoe’t bedriuwen harren saken dogge, dy ha eigen ferantwurdlikens. Mar dit wurk wurdt troch ús betelle, it is oerheidswurk. En as je dan troch de ekstra oerlêst noch mear betelje moatte oan jild en lilkens, dan mei je dy bedriuwen en de oerheid dochs wol efkes op ’e fingers sjen?''