Joyriders komme yn sleat telâne by Aldetrine

30 apr 2016 - 08:38

Trije joyriders hawwe freedtejûn de auto fan ien fan harren heiten total loss riden. De auto bedarre by Aldetrine lâns de Merriemaden op 'e kop yn de sleat. In tsjûge seach de trije jonges útnaaien en warskôge de plysje. Dy hat de jonges oanhâlden.

De jonges hienen gjin rydbewiis, der wurdt proses-ferbaal opmakke. De joyriders binne net ferwûne rekke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)