Huzumer boarterstún Gerard Dou wer iepen nei renovaasje

29 apr 2016 - 21:19

Boarterstún Gerard Dou yn Ljouwert is op freedtemiddei offisjeel wer iepene. De yntusken 83-jierrige boarterstún yn de wyk Huzum hat it ôfrûne jier trije nije tastellen en in âlderwetske sânbak der by krigen. Ek wurde der 36 nije sinnepanielen yn gebrûk naam.

Yn 'e rin fan de jierren hat de boarterstún in soad feroaringen meimakke. De ynstek hjirfan is om in feilige boartersomjouwing te kreëarjen foar de bern.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)