Lorentzslûzen freedtejûn opnij iepen foar skipfeart

29 apr 2016 - 21:10

De Lorentzslûzen by Koarnwertersân wurde freedtejûn om tsien oere wer yn gebrûk naam. Dat is twa dagen earder as dat pland wie. De ôfrûne seis wiken wie it Lorentszkompleks sletten foar grut ûnderhâld oan de slûsdoarren. Skippen en boaten moasten dêrom útwike nei de Stevinslûzen by Den Oever om fan de Iselmar op de Waadsee te kommen.

Rykswettersteat hat de lêste twa wiken ek de nije betsjinnings- en bestjoeringssystemen wiidweidich test. Om't dat nei grutte tefredenheid ferrûn is, gean de slûzen freedtejûn alwer iepen.

Yn maaie en juny folgje opnij in oantal opkearingen foar de skipfeart, om't dan de doarren fan de grutte slûs weromset wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)