"Inkelde opstapplakken learlingeferfier net feilich"

29 apr 2016 - 21:04
  • De aksjefierders kamen earder mei 1100 hantekeningen nei it gemeentehûs

Inkelde opstapplakken foar it learlingeferfier yn de gemeente De Fryske Marren binne net feilich. Dat seit de advysried Sociaal Domein. De ried hat in krityske brief oan it kolleezje fan De Fryske Marren stjoerd. Sociaal Domein is in organisaasje dy't yn de gaten hâldt oft gemeenten har nije soarchtaken goed útfiere.

Ferline jier besunige de gemeente op it ferfier foar learlingen dy't nei it spesjaal ûnderwiis gean. Se wurde net mear thús ophelle, mar moatte nei sammelpunten ta. Alden protestearje bot tsjin dit beslút.

Se fine de opstapplakken net feilich genôch en foar bern mei bygelyks autisme soe dat net in wurkbere situaasje wêze. De advysried hat ûndersyk dien en stelt de âlden foar in part yn it gelyk. De ried seit bygelyks dat de gemeente de feroaringen net goed kommunisearre hat mei de âlden en dat net alle opstapplakken like feilich binne. Op 10 maaie wurdt der by de gemeente opnij oer it learlingeferfier praat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)