Hast 500 katoliken fan bisdom Grins-Ljouwert nei Lourdes

29 apr 2016 - 20:18

Hast 500 katoliken út it bisdom Grins-Ljouwert reizgje sneon ôf nei it pilgrimsplak Lourdes yn Frankryk. Dat bart yn it ramt fan it 60-jierrich bestean fan de katolike reisorganisaasje VNB. De organisaasje meldt dat op har webside.

Oan de beafeart dogge ek 70 jongeren mei. Sy sille ûnderweis helpe mei it triuwen fan rolstuollen fan âldere parochianen en wurde ek ynset as mistsjinners by de eucharistyfieringen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)