Krityk op plan om fan Ofslútdyk keunstprojekt te meitsjen

29 apr 2016 - 19:47

Op Twitter is diskusje ûntstien oer it plan fan it Ryk om fan de Ofslútdyk in keunstprojekt te meitsjen. Minister Schultz van Haegen wol keunstner Daan Roosengaarde oan it wurk sette om de dyk te feroarjen yn 'in sjike oprydleane'. Hy krijt hjirfoar in budzjet fan 13 miljoen euro.

Polityk ferslachjouwer Frits Wester ropt fia Twitter deputearre Sander de Rouwe en de minister ta de oarder: "We gaan de mooiste weg van Nederland tussen het water door met de mooiste luchten toch niet verknallen met kunstonzin?"

De provinsjes Fryslân en Noard-Hollân sille beide in heal miljoen euro bydrage oan it "icoonproject van licht en interactie".

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)