Ljouwerter krijt wurkstraf foar besit fan berneporno

Justysje © Omrop Fryslân
In 35-jierrige Ljouwerter hat freed in wurkstraf fan 240 oeren krigen foar it besit fan berneporno. Fierder hinget de man in jier selstraf ûnder betingst boppe de holle. Ek moat hy him yn syn proeftiid behannelje litte yn in psychiatryske ynstelling.
De man sammele ferline jier sa'n 4000 foto's en 850 films mei berneporno en prate mei oaren yn in chatprogramma oer berneporno. It Iepenbier Ministearje easke twa wiken lyn in selstraf fan 12 moannen, wêrfan 8 moannen ûnder betingst.
De rjochter hat de Ljouwerter gjin selstraf jûn, om't de man noch gjin strafblêd hie en boppedat sels al yn behanneling gien wie.