Loadsen yn Ljouwert sluten fanwegen drugshannel

29 apr 2016 - 18:22

Boargemaster Crone fan Ljouwert hat freed fjouwer loadsen yn de stêd slute litten, fanwegen drugshannel. It giet om gebouwen oan de Orionwei, de Hidalgowei, de Mr. P.J. Troelstrawei en de Ouddeelstrjitte. De sluting wie nei oanlieding fan in plysje-ûndersyk nei in binde dy't him dwaande hâldt mei himptylt en -hannel.

De plysje hat hússikingen dien op ferskate lokaasjes, wêrûnder yn Ljouwert, Dokkum, Snits, Surhústerfean en Dronryp. Der binne fjoerwapens fûn, himpkwekerijen oprôle en ek in drûgerij. De loadsen bliuwe seis moannen ticht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)