Depot Fries Museum ferhuze nei kolleksjesintrum

29 apr 2016 - 17:47

In âld Romeinsk wynfet, dat wie it alderlêste item fan it Fries Museum dat noch yn it âlde gebou oan de Turfmerk yn Ljouwert stie. It ôfrûne jier is der hurd wurke om sa'n 200.000 kostbere items fan it museum oer te heveljen fan de gebouwen oan de Turfmerk nei it nije depot, it kolleksjesintrum Fryslân bûten de stêd. Hjirby wiene ûnder oare brekbere glêzen items, mar ek grutte skilderijen.

By de ferhuzing binne 1750 doazen, 3 kilometer oan spesjaal bubbeltsjeplastic, 600 kilo soerfrij papier en mear as 300 rollen tape brûkt.

De kaaien fan de museumgebouwen binne oerlange oan de Kanselarij, dy't der graach apparteminten yn bouwe wol. Deputearre Sietske Poepjes holp ek by de ferhuzing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)