FIDEO: Warskôgings tsjin terrormûzebiter fan Burdaard

29 apr 2016 - 17:19
  • Mûzebiter (argyffoto)

De terrormûzebiter fan Burdaard lit him wer sjen. De gemeente Ferwerderadiel hat dêrom offisjele warskôgingsbuordsjes delset. De rôffûgel hat in nêst yn de tún fan frou Gubler oan de Stiennendaamsterwei, ûnder Burdaard. Ferline jier fûl er geregeld foarbygongers oan, om it nêst te beskermjen. De gemeente riedt foarbygongers oan om wat op de holle te dwaan of in paraplu op te stekken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)