Noarske Sámi ferwolkomje Liet Ynternasjonaal yn novimber

29 apr 2016 - 17:01

De alfde edysje fan Liet Ynternasjonaal is ein novimber yn Kautokeino, it sintrumplak fan it minderheidsfolk Sámi yn Noarwegen. Neffens de organisaasje wurdt it in spesjaal festival, mei de Arktyske omstannichheden fan tritich graden ûnder nul en midden tusken de Sámi en har rindieren.

Twa jier lyn wie der foar it lêst in edysje fan Liet Ynternasjonaal. Ferline jier kaam de sinteraasje net rûn. Ek foar dit jier is dy noch net rûn, mar de boargemaster fan Kautokeino en de president fan it Sámiparlemint ha sein dat se dêr by helpe wolle.

Liet Ynternasjonaal is in sjongfestival foar bands dy't yn in minderheidstaal sjonge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)