Provinsje wol mear jild út Brussel binnenhelje

De provinsje Fryslân wol de kommende tiid folle 'assertiver' wêze as it giet om it binnenheljen fan jilden út Brussel en Den Haag om Fryske projekten te beteljen. Dat is nedich, want de pot mei Nuonjild, dêr't no noch hûnderten miljoenen yn sitte, rekket in kear leech. Dat sei deputearre Sander de Rouwe freedtemoarn by de presintaasje fan de kadernota 2017 fan de provinsje.
Europa
De provinsje wol om te begjinnen folle mear jild binnenhelje út Europa. Deputearre steaten lûke dêr takommend jier 7,3 miljoen miljoen euro foar út, yn de ferwachting dat dat trije kear safolle jild opsmyt. De Fryske ynset fan 7 miljoen euro wurdt klearlein foar de ko-finansiering dy't altiten nedich is as je jild fan de Europeeske Uny krije. De provinsje wol de Europeeske subsydzjes foaral ynsette foar projekten dy't te krijen hawwe mei ekonomy, leefberens en natuer.
Ofslútdyk: 'sjike oprydleane'
De provinsje sil yn 2017 ek 5 ton bydrage oan de plannen fan it Ryk om de Ofslútdyk moaier te meitsjen. Minister Schultz van Haegen wol keunstner Daan Roosengaarde oan it wurk sette om fan de dyk 'in sjike oprydleane' te meitsjen. Roosengaarde krijt hjirfoar in budzjet fan 13 miljoen euro. De provinsjes Fryslân en Noard-Hollân sille hjir beide 5 ton oan bydrage.
Holwert-oan-See
It projekt Holwert-oan-See krijt takommend jier 4 ton subsydzje om de plannen om doarp en Waadsee wer mei-inoar te ferbinen mear stâl te jaan.
Provinsjale steaten prate yn juny oer de kadernota 2017.