Sân brêgen PM-kanaal wurde ûndersocht

29 apr 2016 - 11:51

Rykswettersteat fiert in technyske analyze út by sân brêgen oer it Prinses Margrietkanaal. Dêr wurdt de krekte trochfarhichte metten. Dat is nedich omdat de bysûndere transporten oer it wetter hieltyd grutter wurde. Rykswettersteat wol dêrom de gegevens oer de trochfarhichte goed kontrolearje.

Dat bart op snein 8 maaie, tongersdei 12 maaie en snein 22 maaie. It ferkear moat dy dagen rekken hâlde mei in wachttiid fan 15-60 minuten. Under it ûndersyk wurde ferkearsregelers ynsetten. It skipfeartferkear hat gjin lêst fan de ynspeksje.

De mjittingen begjinne snein 8 maaie by de brêgen by Spannenburch, Twellingea en Aldskou. Dêrnei wurdt sjoen nei de brêgen by de Prinses Margrietslûs, Blauforlaet, Burgumerdaam en Koatstertille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)