FIDEO: 'Ouwe Seunen' en havenkraan op Japanske telefyzje

29 apr 2016 - 11:49
  • In fragmint út it filmke
  • Sa klinkt bekende Harnzer Gerard Veltman yn it Japansk

Korehanandesuka? Oftewol 'wat is dit?' yn it Japansk. Dizze fraach krije dielnimmers fan in kwis foarlein op de Japanske telefyzje. Alteast dat meitsje wy op út dit typysk Japanske filmke. Underwerp is de havenkraan fan Harns, mei yn de kabine in hotelkeamer. Yn it filmke is te sjen hoe't bekende Harnzers ynterviewd wurde, foarsjoen fan in Japanske stim. En fansels bylden fan de havenkraan. De dielnimmers dogge der even oer foardat se krekt witte wat it is, al binne se wol ûnder de yndruk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)