Friezen liene it minst fan alle Nederlanners

29 apr 2016 - 11:16

Friezen dogge fan alle Nederlanners it minst faak in oanfraach foar in liening. En as Friezen jild liene, giet it ek noch om it leechste bedrach per oanfraach, goed 14.000 euro. Flevolân stiet mei goed 17.000 euro boppe-oan. Dat docht bliken út it Nationaal Leenonderzoek fan Geldshop.

Dat ûndersocht tsientûzenen lieningen. As der ferboud wurde moat, wolle Friezen dêr it minst foar liene, nammentlik goed 8.000 euro. Utrecht skoart hjir mei gemiddeld 17.000 euro it heechst.

Ofwizing liening

De oanfragen foar in liening wurde yn Fryslân faker as gemiddeld ôfwiisd. Lang net alle oanfragen foar in liening wurde goedkard. Yn Seelân wurde minsken it faakst wegere, Fryslân stiet hjir op it twadde plak. In liening wurdt ôfwiisd fanwegen in negative BKR-registraasje.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)