De Fryske Marren wol tenei jûns ek berikber wêze

29 apr 2016 - 10:55
  • It gemeentehûs fan de gemeente De Fryske Marren

De gemeente De Fryske Marren start nei de simmerfakânsje in proef wêrby't de gemeente faker jûns berikber is. Dat is in grutte winsk fan de ynwenners, om't de measten oerdei wurkje. Yn jannewaris hâlde de gemeente in enkête oer de tsjinstferliening. Hast 1.300 minsken reagearren dêrop, dat wie in respons fan hast 90 prosint.

In oar ferbetterpunt is de reaksjetiid fan de gemeente. De measte minsken binne hjir net tefreden oer. De Fryske Marren wol dêrom no besykje om altiten binnen twa wurkdagen werom te beljen of te mailen.

Digitaal

Dêrneist moatte de mooglikheden foar ynwenners om saken digitaal te regeljen ferbettere wurde. Dêr lûkt de gemeente fan takom jier ôf ek ekstra jild foar út.

Yn totaal scoarde de gemeente De Fryske Marren wol in romme foldwaande yn de enkête.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)