Needwurksumheden A31 tusken Dronryp en Frjentsjer

Rykswettersteat fiert fan moandei ôf in needmaatregel út op de A31 tusken Dronryp en Frjentsjer om de feilichheid fan de dyk te ferbetterjen. It asfalt op dit stik dyk is troch de waaromstannichheden yn koarte tiid tige min wurden.
De boppeste laach asfalt wurdt fuorthelle en de snelheid giet tydlik nei ûnderen, nei 90 kilometer yn de oere. De wurksumheden begjinne moandei en duorje oant en mei woansdei.
Dy dagen is der tusken Dronryp en Frjentsjer mar ien rydstrook beskikber. De maksimumsnelheid fan 90 kilometer jildt oant it momint dat der nij asfalt leit. Dat wurdt fuortendaliks nei de boufak oanbrocht.
Ungelokken
De ûngelokken tongersdeitemoarn op de A31 by Skalsum en Sweins wiene net op it stik dyk dêr't de needmaatregel útfierd wurdt. Dy ûngelokken wiene net rjochting Frjentsjer, mar de oare kant op.