Skriuwer Ferdinand de Jong yn Sibearië foar nij boek

Skriuwer Ferdinand de Jong fan Boarnburgum is op dit stuit yn Norilsk yn it noarden fan Sibearië om ûndersyk te dwaan foar syn nije Frysktalige roman.
De regio spile al in rol yn de debútroman fan De Jong: Guozzeflecht. Norilsk is in fersmoarge yndustrygebiet, dat mar dreech tagonklik is foar toeristen en oare minsken fan bûten de regio. De skriuwer sels fergeliket de regio in bytsje mei de situaasje sa't dy yn de eardere Sovjet-Uny noch bestie.
No't it de skriuwer as ien fan de earste westerlingen slagge is om in fisum te krijen, hat er in skoftlang de tiid om it gebiet goed kennen te learen mei de help fan in tolk en in gids.
Blog
Foar Omrop Fryslân hâldt De Jong in reisblog by. Dizze is op alle wurkdagen te hearren yn Fryslân fan 'e moarn om likernôch 06:40 oere. De blogs binne letter ek te werom te hearren op de programmaside fan Fryslân fan 'e moarn.