Kollum: "Bokkige geit"

29 apr 2016 - 09:43
  • De Toan fan Nynke Sietsma

Nynke Sietsma is freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tiidskriften. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it daagliks libben of wat har ek mar ferwûndert. Se is te folgjen op Twitter.
 

"Dêr fytste ik. Rûntsjes. Op de superdeeglike OV-fiets. Sa'n giel mei blauwe en in dik frame. Je kinne de fytsen hiere fan de NS by it treinstasjon.

Ik hie it adres wol mar hie de kaart net besjoen en koe it dus net fine. Want alles like op elkoar. Elts hûs deselde foardoar. Eltse strjitte deselde yndieling. Om de safolle meters deselde soart garaazje en lantearnepeal. Sels de minsken liken op elkoar te lykjen.

En wol ferrek, tocht ik nei in pear kilometer, dat wie deselde man mei dy brune hûn as saniis. No hie ik fergemy nóch in kear itselde rûntsje fytst.

Welcome to the Vinexwyk

Hjir stean de swarte jisketonnen kearsrjocht neist elkoar, sa as in leger yn Noard-Koreä. Hjir geane om alve oere jûns alle húsljochten tagelyk út, want de plicht ropt moarns wêr foar sa'n 75% fan de bewenners. Moarns yn in rige it fort út. Oan it begjin fan de jûn alle autokes it fort wer yn. Hjir giet it grutste diel fan de bewenners yn de skoalfakânsje mei fakânsje. Dan is it der útstoarn. It persintaazje ynbraken leit dan ek heech.

Underwilens fytste ik noch altyd rûntsjes. It fielde as in kweade dream. Ik rekke suver wat yn panyk. Ik soe hjir nea mear útkomme. Ik soe hjir foar ivich rûntsjes fytsen bliuwe. Nea soe ik it fine. Ik soe sliepe ûnder ien fan de einleaze rige lantearnepeallen. Kâld en allinnich.

Welcome to the Vinexwyk

It is de perfekte lokaasje foar de wurkjende minske. Foaral dy mei bern. Dêr liket it foar útfûn. Op eltse hoeke fan de strjitte is in skoalle, in berne-opfang, in BSO, in boartersplak. It is der grien, it is der prikkelearm, de auto's meie yn slakkegong troch de strjitten. En it âlderfraaist: je kinne nochris yn in knap hûs wenje yn de Rânestêd mei in knappe tún. Dat kin ik fan guon âlde huzen net sizze, sa as ús eigen foaroarlochse flat dêr't je hast fuortwaaie as de eastewyn der op stiet. Ik soe der jaloersk fan wurde, op dy Vinexwyk. En dochs, my krije je der mei gjin stôk yn. Ik reitsje yn panyk fan de lykmjittigens.

Mar wat je freze, komt op je paad, tink ik wol ris. As in self fulfilling prophecy. En dus tink ik dat ik der ea dochs hinne moat. Omdat it dêr sa noflik wenjen is. Omdat je soms je foaroardielen ferjitte moatte. Omdat it sa lestich is om in fatsoenlik, betelber hûs te finen. As it safier is, dan gean ik as in bokkige geit dy't eins net wol, mar har úteinlik ferliede lit troch in lekker hapke, yn dit gefal in fraai hûs en in berneparadys.

Mar.. De perfekt útsjende Vinexwyk blykt in skiedingsparadys. De helte fan de houliken rint fêst. En as je dan in te djoer hûs ha, wurde je in 'bankslieper'. Dat bin minsken dy't ferplicht by elkoar bliuwe moatte omdat it hûs ûnder wetter stjit.

Foaral lytse poppen krije de skuld fan it hege skiedingspersintaazje. Guon heiten en memmen binne net taret op de feroaringen yn it libben as der in berntsje komt en gean dan út elkoar. It liket my dat dit ek yn oare buerten barre kin, mar soit. Ik ha no wol moai in goed argumint fûn. Ik hoech der net mear hinne.
Ik ha gjin sin om it risiko te rinnen om as bankslieper te einigjen. Dan bliuw ik leaver de bokkige geit yn in kâlde, âld keet."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)