Plysje kontrolearret lûde auto's yn Drachten

29 apr 2016 - 07:29

De plysje hat tongersdeitemiddei en -jûn in grutte lûdskontrôle hâlden yn Drachten. By de kontrôle waard it lûdsnivo fan auto's kontrolearre. Op it kentekenbewiis fan auto's stiet fermeld hoefolle desibel in auto maksimaal meitsje mei.

Yn totaal waarden 32 auto's en 21 brommers kontrolearre. Fjouwer auto's en ek fjouwer brommers makken sa folle lawaai, dat se opnij keurd wurde moatte. De heechst metten oertrêding wie 22 desibel. It leechst wie 6 desibel.

Drugs

By de kontrôle waard ek ien persoan oanhâlden om't er hard- en softdrugs yn syn besit hie. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)