Wenningbrân yn De Tynje, bewenner ûntkommen fia dakrút

Wenningbrân op de Hein Voswei yn De Tynje © Srfotografie
In wenning oan de Hein Voswei yn De Tynje hat tongersdei flinke skea oprûn by in brân. It fjoer bruts om 23:45 oere út. De bewenner wie op bêd gien en hie nei alle gedachten in baarnende sigaret lizze litten. In pear oeren letter seach er dat de keamer fol reek stie. De man wist fia it dakrút te ûntkommen.
De brânwachtkorpsen fan De Gordyk, It Hearrenfean, Drachten en Tsjalbert waarden oproppen. It fjoer wie gau út.