Berne-opfang net goedkeaper of djoerder nei oername

28 apr 2016 - 21:35

De oername fan berne-opfang Sisa troch Kids First Cop hat gjin gefolgen foar de tariven. It fallite Sisa wurdt op 1 juny oernaam. De tariven bliuwe gelyk en in grut part fan de Sisa-lokaasjes bliuwt iepen mei deselde iepeningstiden. It gastâlderburo wurdt ek oernaam.

Hoefolle meiwurkers oft mei oergean en hoefolle lokaasjes oft iepenbliuwe, hinget ôf fan it tal âlden dat mei oergiet nei de nije organisaasje. Nije wike moandei en tiisdei binne der twa ynformaasjejûnen. Alden fan de bern kinne dêr mear ynformaasje krije en fragen stelle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)