Amateurtoanielprizen útrikt yn De Lawei

28 apr 2016 - 21:30
  • Spanning by de útrikking fan de prizen

Yn De Lawei yn Drachten binne tongersdei de prizen útrikt foar de amateurtoanielferieningen yn Fryslân. Jierrenlang wie de toanielkriich it hichtepunt fan de slotjûn fan Stichting Amateurtoaniel Fryslân (STAF), mar dit jier hawwe se it wat oars oanpakt. Der binne ek prizen útrikt yn oare kategoaryen lykas it grutste jonge talint en de bêste muzyk.

Want wylst it tal toanielferienings dat lid is fan STAF groeit, nimt it tal dielnimmers oan de kriich krekt ôf. Yn 1994 wiene it der noch hast 100 en dit jier mar 48.

De organisaasje hopet dat de nije opset it tij keare sil.

Grutste winner fan de jûn wie Rjocht en Sljocht fan De Tynje. Sy wûnen de kriich, in dield earste plak mei it Frysk selskip út Arum. It toanielselskip fan De Tynje krige ek in priis foar de bêste muzyk. It bêste jonge talint kaam ek fan De Tynje. Chantal Sinnema moast de priis diele mei Lydia de Groot fan De Rottefalle.

De meast bysûndere foarstelling kaam út Wergea en wie fan Halbertsma. De priis foar bêste foarmjouwing gie nei OKK fan Himpens. De priis foar bêste technyk wie foar Jounswille út Stynsgea.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)