Wrâlderfguod Waadsee krijt omtinken op sneldiken

28 apr 2016 - 21:27

De Waadsee is wrâlderfguod en dat wurdt no ek dúdlik makke oan it ferkear dat op de sneldyk yn de buert rydt. Op de A7, A31 en N9 binne buorden pleatst dy't toeristen wize op it unike natuergebiet acher de diken. Sokke buorden stiene oant no ta allinnich by de provinsjale en gemeentlike diken. Op it boerd stiet in kaart fan it Waadgebiet fan Nederlân, Dútslân en Denemarken mei as ûndertekst "Waddenzee Unesco Werelderfgoed".

Mei it pleatsen fan de buorden stean der no erfguodbuorden yn elke Waadgemeente en by de belangrykse sneldiken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)