Hotel yn wettertoer Nes-Akkrum takom wike iepen

29 apr 2016 - 06:00
  • Ynterieur wettertoerhotel

It nije hotel mei twa lúkse keamers yn de âlde wettertoer fan Nes by Akkrum is hast klear. It bedriuw Fries Trading hat der al sûnt 2007 mei dwaande west. It hat in hiele toer west om flierren en ruten yn de swiere betonnen konstruksje te krijen. En de ynwenners fan Akkrum en Nes stiene net te springen om in hotel yn de karakteristike toer. Se wiene benaud dat de gasten by harren nei binnen sjen soene. Dêrom sit der yn guon ruten no ûntrochsichtich glês.

Foppe de Haan iepenet it hotel nije wike freed. It is dan ek iepen dei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)