SC Hearrenfean ferlinget kontrakt mei kleansponsor

28 apr 2016 - 19:53

SC Hearrenfean hat it kontrakt mei syn kleansponsor JAKO mei fiif jier ferlinge. De nije oerienkomst rint oant de simmer fan 2022 mei noch in opsje foar twa seizoenen. JAKO is al sûnt 2008 de kleansponsor fan de klup. De oerienkomst hat derfoar soarge dat de helte fan alle Fryske amateurfuotbalklups yn harren klean spilet. Yn 2008 wie dat noch mar 5 prosint.

Direkteur Luuc Eisenga is tefreden oer de gearwurking: "Deze nieuwe meerjarige overeenkomst zorgt voor continuïteit en de mogelijkheid om verder te bouwen aan onze mooie club."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)