Fryske poppe Sophie krijt earste Taalkado

Fryske poppen krije tenei fan de provinsje it Taalkado. Tongersdei waard yn sikehûs De Tsjongerskâns it earste Taalkado útrikt troch deputearre Poepjes en wethâlder Broekhuizen oan Ronnie Koen en Natasja Beun, âlden fan Sophie. It Taalkado is de opfolger fan it Taaltaske, dat tusken 2007 en 2015 útrikt waard.
It Taalkado sit fol mei edukative produkten dy't âlden en bern yn kontakt bringe mei it Frysk en meartaligens. Sa sit der bygelyks in meartalich boekje en in leuke knuffel yn. Yn septimber komt der ek in app yn it Taalkado.
Deputearre Sietske Poepjes en wethâlder Hans Broekhuizen fan de gemeente It Hearrenfean oerlangen it earste Taalkado oan Ronnie Koen en Natasja Beun út Aldskoat. Deputearre Sietske Poepjes: "Sophie is krekt op de wrâld en wy meie har al in earste bertegeskink jaan. Ik fyn it in eare om dat dwaan te meien. Fan 2007 oant en mei 2015 joech de provinsje ek al sa'n bertegeskink út, ûnder de namme Taaltaske. Om't dat sa'n súkses wie, hat de provinsje besletten om it projekt in ferfolch te jaan."