Spannende dei foar swimbad De Frosk op De Westereen

Giet it fallite swimbad De Frosk yn De Westereen oer oardel wike definityf ticht? Of is de gemeente ree om it swimbad nochris twa moanne langer iepen te hâlden. Dy fraach krije riedsleden fan Dantumadiel tongersdeitejûn foarlein troch it aksjekomitee fan swimbad De Frosk. Alle riedsleden binne útnûge yn it swimbad. Se krije dan in petysje oanbean.
De Frosk gie begjin dizze moanne fallyt. Mei finansjele stipe fan de gemeente hat de kurator it bad iepenhâlden, mar op 8 maaie is dat dien.
Tydlike gemeentlike bydrage en dan oernimme
It aksjekomitee wol lykwols dat de gemeente jild jout om De Frosk langer iepen te hâlden. Yn de tuskentiid moat dan ûndersocht wurde oft it bad oernaam wurde kin troch de ynwenners. Dêrfoar wurdt dan in spesjale stichting of in feriening oprjochte. Frijwilligers soene mooglik helpe kinne by de eksploitaasje.
Sunich
Boargemaster en wethâlders fan Dantumadiel reagearje oant no ta sunich. De gemeente hat fiif jier ferlyn noch acht ton yn it bad stutsen en is noch net fuortdaliks ree om wer de beurs wiid iepen te lûken. Tydlik wethâlder Theunis Piersma seit dat it formeel ek de kurator is dy't bepaalt oft it bad langer iepenbliuwe kin of net. It aksjekomitee hopet dat de gemeenteried dêr oars oer tinkt en wol tongersdeitejûn de plannen út de doeken dwaan.