Bedriuwen krije jild foar it bouwen fan sûnens-beweech-games

28 apr 2016 - 18:24
  • Bedriuwen krije jild foar ôfbouwen sûnens-games

Sûne spultsjes - yn faktaal hjitte se 'healthy games' - binne meikoarten net mear fuort te tinken út de sûnenssoarch. Dat sei sportdokter Jean Driessen fan sikehûs De Tsjongerskâns op It Hearrenfean tongersdei by de oerlanging fan fiif sjeks fan 10.000 euro oan fiif Fryske bedriuwen dy't harren dwaande hâlde mei saneamde 'serious games.'

De sjeks binne bedoeld om sûne spultsjes dy't makke wurde yn gearwurking mei in sikehûs of soarchoanbieder ôf te bouwen. De sjeks binne in inisjatyf fan it Healthy Ageing Netwurk Noard-Nederlân.

App foar rêchklachten

Sûne spultsjes moatte âldere minsken helpe om op in goede wize yn beweging te kommen of te bliuwen. Critical Bit yn Ljouwert is ien fan de bedriuwen dy't in sjek krigen hat. It bedriuw bout mei it jild in app dy't minsken mei rêchklachten derta oanset om op 'e tiid de goede oefeningen te dwaan. Der binne ek sûne spultsjes om dokters en ferpleegjend personiel te trainen foar bygelyks operaasjes of oare handelingen.

Wer yn beweging nei slimme sykte
Yn Fryslân sitte ferskate bedriuwen dy't harren dwaande hâlde mei sûnensspultsjes. It Netwurk Healthy Ageing wol harren helpe om, yn gearwurking mei de soarchsektor, de stap te setten nei in einprodukt. Foar de soarch is it tige de muoite wurdich om pasjinten mei de help fan games te motivearjen om, bygelyks nei in slimme sykte, wer stap foar stap yn beweging te kommen. It netwurk hopet dat it komt ta in mear strukturele gearwurking tusken de Fryske gaming-yndustry en de noardlike sûnenssoarch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)