Feriene Lofts wol grut riedsdebat oer Caparis

28 apr 2016 - 16:42

Alle gemeenten dy't oandielhâlder binne fan sosjale wurkfoarsjenning Caparis moatte de situaasje by it bedriuw beprate yn in riedsdebat. Dat fynt de politike partij Feriene Lofts (FL) dy't de kwestje op de kaart set hat.

It rommelet al skoften by Caparis. Koartlyn binne twa direkteuren oan de kant set en meiwurkers binne net neffens de CAO betelle. Neffens Feriene Lofts is it ûndúdlik wa't ferantwurdlik is foar de problemen, de ried fan kommissarissen of de oandielhâldende gemeenten. Der binne in soad fragen en dêrom moat deroer praat wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)