Sven en Twan Visser wurde de nije Kameleontwilling

28 apr 2016 - 16:31
  • Sven en Twan Visser

Sven en Twan Visser út Bovenkarspel binne útroppen ta de nije Hylke en Sytze Klinkhamer. Sy kamen as winners út de bus by de syktocht nei de look-a-likes fan de haadrolspilers út de boeken oer de Kameleon.

De wedstriid is in inisjatyf fan sylskoalle 't Garijp yn Goaiïngaryp mei as doel omtinken te krijen foar in sylkamp mei de aventoeren fan de Kameleon as tema. De wedstriid waard útskreaun op Facebook en tsientallen twillingen út it hiele lân diene der oan mei. De twillingen waarden ûnder oare beoardiele op ûndogenske útstrieling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)