WIFI by brêgen Fryslân

Der komt mooglik in fergese ynternetferbining by alle provinsjale brêgen. Deputearre Poepjes is it iens mei in útstel derfoar fan de PVV yn de steaten. Foar it op ôfstân betsjinjen fan de brêgen wurdt glêsfezel oanlein. Dêrtoch wurdt it ek mooglik om in iepen WIFI-ferbining oan te bieden.
Troch it op ôfstân betsjinjen fan de brêgen ferdwine de brêgewippers op termyn. Neffens deputearre steaten falle der gjin twongen ûntslaggen by.