Persgroep gjin animo foar NDC

25 apr 2012 - 12:29

It Belgyske mediabedriuw De Persgroep hat gjin belangstelling foar de NDC Mediagroep. Dat seit topman Van Thillo fan it bedriuw woansdei yn it Financieel Dagblad. De NDC Mediagroep, dy't ûnder oare de Ljouwerter krante útjout, is op syk nei keapers foar syn krante-ôfdieling. Reden dêrfoar binne de grutte tekoarten by it bedriuw. Neffens it Financieel Dagblad beskikt De Persgroep oer genôch kapitaal om grutte oernames te dwaan, mar is der gjin belangstelling foar de NDC Mediagroep. De direkteur fan De Persgroep fynt it te fier fuort.

Trefwurden: 
NDC Mediagroep
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)